Fryslân Dok fan 30 desimber 2011

It grutte publyk sil him net kinne, mar yn de popscene is er in belangrike spiler: Jan ten Boom fan De Jouwer. Al 30 jier boeker fan bands út foaral it alternative sirkwy. Op dit stuit makket de Jouster furoare mei singer-songwriter Tim Knol. Yn it ferline wurke er mei ynfloedrike bands as The Serenes, Johan en Daryll-Ann. Programmamakkers Janjelle Ringnalda en Timo Brinkman folgen Jan ten Boom seis moanne lang. Thús achter de kompjûter, mar ek yn de konsertsealen en op de festivals.

Foar Jan ten Boom begiet alles in 1981. Freonen ha de wave-band de Toylets oprjochtte. Jan kin sels net in ynstrumint spylje, dêrom beslute de bandleden dat er de optredens mar regelje moat. It sil de start wêze fan in suksesfolle karriêre.Yn it begjin fan de jierren `90 wurdt Jan ten Boom boeker fan The Serenes. In mylpeal foar syn ienmansbedriuw. The Serenes meitsje namme yn Nederlân en Jan ten Boom spilet der in grutte rol yn. It sil ta gefolch hat dat foaral in soad bands fan it platelabel Excelsior BOOM as boekingsburo nimme: fan Daryll-Ann, Johan en Caesar yn it ferline oant en mei Gem, Moss en Tim Knol hjoed-de-dei. Mar ek DJ-acts as Wipneus en Pim, de Loco Loco Discoshow en mashup-band Memphis Maniacs.

BOOM!!! besiket it geheim fan Jan ten Boom syn wurkwize te achterheljen. Wêrom kieze al dy bands út de rânestêd dochs foar dy boeker út it hege Noarden. En hoe siket Jan syn bands út. Heden en ferline rinne trochinoar yn de dokumintêre. Jan als begelieder fan Tim Knol op it Skylger Oerol-festival en Jan op stap mei syn âlde maten fan de Toylets yn de Grinzer konsertseal Vera. Yn it programma binne ek in soad muzykfragminten te sjen. Mei as meast besûndere net earder útstjoerde bylden fan it ôfskiedskonsert fan Johan in Paradiso.

BOOM!!! is op 20 novimber yn premjêre gien op it ynternasjonale muzykfilmfestival PLAY yn Amsterdam.

BOOM!!! is freed 30 desimber om 16.05 oere te sjen op Nederlân 2 en nochris te sjen sneon 31 desimber om 10:45 oere op Nederlân 2.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)