Fryslân DOK fan 30 augustus 2020 17:00

Dit is ús taal:

Taal is altyd yn beweging. Sa ek de Fryske taal. Mei de komst fan sosjale media feroaret ek de posysje fan it Frysk. Der wurdt mear Frysk skreaun as oait, jongeren diele massaal Frysktalige memes en de Frysktalige band De Hûnekop is populêr by in breed publyk.

Programmamakker Miranda Werkman ûndersiket wat it effekt dêrfan is op de Fryske taal en taalbelibbing. Se praat mei Lysbeth Jongbloed-Faber fan de Fryske Akademy, mei Bert Looper fan Tresoar en mei Emiel Stoffers, frontman fan De Hûnekop.

Fryslân DOK is te sjen op sneon 15.30 by NPO2, mei Nederlânske ûndertiteling. Op sneins om 13.10 is de werhelling. Omrop Fryslân stjoert de Fryslân DOK út op sneins om 17.00, en dêrnei de hiele jûn op alle oeren. 

 

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)