Fryslân DOK fan 30 april 2017 17:00

    Underdûkt yn Fryslân:

    Yn de Twadde Wrâldoarloch fûnen tûzenen ûnderdûkers in feilich hinnekommen by Fryske famyljes: Joaden, alliearde piloaten, fersetsminsken en manlju dy’t wegeren om te wurkjen yn de Dútske oarlochsyndustry. Fryslân DOK rekonstruearret yn in trijelûk de ûnderdûkhelp oan dy minsken. Mei ek in bysûndere ûntdekking. Want fûn ûnderdûk altyd wol yn it djipste geheim plak?

    Der bestiet al jierren in byld dat ûnderdûk altyd yn it grutste geheim plakfûn. Ut dizze dokumintêre docht bliken dat, dat hielendal net it gefal wie. Benammen yn de Fryske doarpen wist it hiele doarp wol wêr’t de ûnderdûkers sieten. In soad minsken droegen harren stientsje by en dus ûntstie der in grutskalige yllegale ûnderdûkmaatskippij.

    De earste útstjoering fan it trijelûk fertelt it ferhaal fan de smokkelrûtes fan Joadske bern fan Amsterdam nei Fryslân. Ien fan dy bern wie de no 79-jierrige Lea Tropp. Sy kaam as 4-jierrich famke by in bakkersfamylje yn Abbegea telâne. Mei har ûnderdûksusters Klaske en Annie fertelt sy oer dy tiid. Utstjoering twa giet oer de unike posysje dy’t de Fryske belestingtsjinst ynnaam by de finansiering fan it ûnderdûken. Under lieding fan haad-belestingynspekteur Jan Evenhuis fan Ljouwert slúze it personiel fan Fryske belestingkantoaren miljoenen troch nei it ferset foar de help oan ûnderdûkers. Yn útstjoering trije steane de knokploegen sintraal. Yn de Twadde Wrâldoarloch oerfoelen knokploegen distribúsjekantoaren, gemeentehuzen en suvelfabriken. De bút joegen sy oan ûnderdûkers.

    Underdûkt yn Fryslân:

    Diel 1: snein 30 april fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân.

    Diel 2: snein 7 maaie fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân.

    Diel 3: snein 14 maaie fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân.

    Fryslân DOK

    Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    (advertinsje)