Fryslân DOK fan 3 novimber 2019 17:00

100 jier radio: ‘IDZ de earste’: 

Hy is de man fan de radio: Hanso Henricus Schotanus à Steringa Idzerda út Weidum. Dy eigensinnige yngenieur makke hûndert jier lyn, op 6 novimber 1919, de earste radio-útstjoering fan Nederlân. Dy earste radio-útstjoering yn 1919 wie in revolúsje, ek al lústere doe mar in hantsjefol radio-amateurs. It wie eins in kommersjele útstjoering, want Idzerda wie fabrikant fan lúkse radiotastellen en dy moasten ek ferkocht wurde.

Yn 1924 gie syn ‘Nederlandse Radio Industrie’ fallyt. Hilversum waard it episintrum fan de radio. Idzerda syn technyske nijsgjirrichheid waard him, wrang genôch, needlottich. De Dútsers skeaten him yn 1944 dea yn in park yn Wassenaar, flakby syn hûs. Hy socht nei ûnderdielen fan de V2’s dy’t dêr lansearre waarden. Yn 1969, fyftich jier nei de earste radio-útstjoering, krige Hanso Idzerda in monumint yn Weidum.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)