Fryslân DOK fan 3 febrewaris 2019 17:00

Hillige boeken, fier fan hûs - De Thora rollen fan Ljouwert -

Guon Berltsumers binne wol bekend mei it ferhaal fan doarpsgenoat Bindert Bosma. Hy ferstoppe yn de oarloch de thorarollen fan de Ljouwerter synagoge foar de ferneatigingskrêft fan de Dútsers.

Nei de oarloch waard it folsleine ynterieur fan de Ljouwerter synagoge skonken oan Kfar Batya, in doarp foar jonge Joadske kolonisten, yn Israel. De thorarollen dy't by Bosma yn de boerebedstee de oarloch oerlibben wurde dêr no noch alle dagen brûkt. Yn 1965 is dat bysûndere ferhaal ferfilme troch in Amerikaanske organisaasje, 'Mizrachi Women', dy't skoallen yn Israel stipet.

Yn neifolging fan de rige 'De Joadske brulloft' oer de famylje Boers, dûkt Fryslân DOK foar de dokumintêre 'Hillige boeken, fier fan hûs' yn de rike skiednis dy't de thorarollen drage. Eyal, pakesizzer fan Barend en Mimi Boers, is universitêr dosint film en media yn Israel en makke yn it ferline ferskate dokumintêren; ûnder oare de film 'Classmates of Anne Frank'. Hy lit syn ljocht skine op dit ferhaal, mei help fan de âld-omkesizzer fan Bosma, Benno Troostwijk fan de Joadske gemeente Ljouwert en Tresoar. Mei de eagen fan no is de meast yntrigearjende fraach miskien wol, oft it weijaan fan de Ljouwerter Joadske erfenis in goede kar west hat.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)