Fryslân DOK fan 3 desimber 2017 17:00

In nij tij : It Amelân is yn shock wannear’t yn 2013 de Sint Clemenstsjerke troch in fûle brân folslein ferlern giet. Wylst de minsken sjogge nei de rikjende ravaazje, is ien saak wis: de ryksmonumintale tsjerkje fan 1879, boud troch de ferneamde arsjitekt Pierre Cuypers, moat wer pronkje op it eilân. Mar hoe? Wylst oeral yn Nederlân tsjerken de doarren slute, stelle de Amelanners alles yn it wurk om dy fan harren wer te iepenjen.

Yn Fryslân DOK folget programmamakker Froukje Sijtsma hoe ’t dy syktocht nei in nije tsjerke ferrint.

Share this page on:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)