Fryslân DOK fan 29 septimber 2019 17:00

In ûnwennich jier

Wa ken dit byld net! It is de dykstimpel ûnder Ferwert fan Ids Willemsma.
Yn de 25 jier dat it hjir “als een vlieg op een gespierde arm” (Gunnar Daan) stiet, is it útgroeid ta in belangryk byldmerk fan Fryslân. In IKOAN.

Ids is in bekende keunstner yn Fryslân en syn wurk is oars en eigenwiis. Gelokkich mar.

En dan is der samar ynienen in hiel soad oandacht en belangstelling foar him en syn wurk.
Hy sjocht der suver fan op. Der komt in eksposysje fan syn nea earder fertoande wurk yn Obe. De dykstimpel komt yn de stegers en wurdt restaurearre. Der binne lêzingen, muzyk/poëzy, en in gesellige busreis op in moaie snein. Want: de keunstner is jierdei en wurdt santich dit jier. Alle reden foar in tefreden gefoel en in grut feest soene je sizze. Mar nee …. Der binne oare dingen dy’t him pleagje.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)