Fryslân DOK fan 29 novimber 2020 17:00


'Dûnser mei de bal - 100 jier Abe Lenstra' 

By it Fries Film Archief binne ûnbekende kleurebylden fûn fan de fuotbalwedstriid Hearrenfean-Haarlem út 1948 mei Abe Lenstra. De bylden binne te sjen yn in dokumintêre fan Piter Tjeerdsma foar Fryslân DOK. 'Dûnser mei de bal - 100 jier Abe Lenstra' is makke foar Abe syn hûndertste bertedei op 27 novimber.

Abe Lenstra, sa wurdt sein, koe by syn berte al fuotbalje. Noch by syn libben waard hy in myte. Oer net folle oare Nederlânske fuotballers is safolle praat en skreaun as oer ús Abe, ek nei syn dea yn 1985. Mar wat is der wier fan al dy ferhalen? En binne der miskien noch ûnbekende of fergetten bylden, dy't in nij ljocht op dizze Fryske fuotbaldûnser skine litte kinne?

De kleurefilm út 1948 is sa'n ûnferwachte fynst. It giet om in 8mm-filmke fan de Dokkumer amateurfilmer Oeds Andries Brouwer. It filmke duorret sa'n trije minuten. Hearrenfean-Haarlem waard spile op 6 maaie 1948 en it wie ien fan de krúsjale wedstriden yn de striid om de lânstitel. It wie ek de clash tusken twa grutte spitsen fan it Nederlânske fuotbal yn dy jierren: Abe Lenstra en Kick Smit. Mei Faas Wilkes foarmen sy de ferneamde stripfiguer Kick Wilstra. Yn in spannend duel wûn Hearrenfean mei 4-3 fan Haarlem. Us Abe skoarde fjouwer kear. Uteinlik griep Hearrenfean krekt neist de lânstitel en waard BVV Den Bosch kampioen.

Yn de Fryslân DOK 'Dûnser mei de bal - 100 jier Abe Lenstra' binne noch mear tige bysûndere âlde bylden fan Abe te sjen. Fierders leverje Abe Lenstra syn biograaf Johann Mast, Abe-samler Jan Kuipers en filmargivaris Syds Wiersma in bydrage oan de dokumintêre.

Trailer Dûnser mei de bal - 100 jier Abe Lenstra

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)