Fryslân DOK fan 29 maart 2020 17:00

Ta gelegenheid fan Ljouwert Fryslân Kulturele Haadstêd 2018 hat it Noord Nederlands Orkest de ferneamde Matthäus Passion fan Johann Sebastian Bach yn it Frysk oersette litten troch Peter Sijbenga. It lijensferhaal fan Jezus, ferteld troch orkest, koar, solisten en bernekoar, yn in muzikaal masterwurk fan trije oeren lang. It NNO fierde de passie seis kear út foar útferkochte sealen. De earste fan dy seis Fryske Matthäus Passions, yn de Grote Kerk yn Harns, is yn de maitiid fan 2018 útstjoerd troch Omrop Fryslân Radio. Op 28 maart 2020 om 18.00 oere sil de reprize wêze.

Op 29 maart 2020 wurdt op Omrop Fryslân Telefyzje in Fryslân DOK útstjoerd oer it ta stân kommen fan de Fryske Matthäus Passion. De fraach fan programmamakker Albert Jensma is oft jo sa'n monumintaal wurk fan Bach fan it Dútsk nei it Frysk oersette kinne, sûnder it skea te dwaan. En wat bart der as jo ynternasjonale solisten sjonge litte yn in foar harren frjemde taal?

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)