Fryslân DOK fan 29 jannewaris 2017 17:00

Gasten tusken eb en floed

Yn de Fryslân DOK ‘Gasten tusken eb en floed’ stiet de syktocht nei it karakter fan Flylân sintraal. Dokumintêremakker Remco de Vries registrearre in jier lang de natuer en har gasten op Flylân. It lânskip en wat dêryn libbet stiet sintraal mei as reade tried de gasten dy’t it eilân opsykje; fûgels en minsken.

As gast hearst it eilân benammen te nimmen sa’t it is. De gewoanten fan fûgels en minsken op Flylân jouwe karakter oan it eilân. Sa sitte fûgels op spesifike plakken te brieden en hawwe ek minsken in eigen plak dêr’t sy libje. Wat bart der as fûgels en minsken inoar tsjinkomme?

Maitiid, simmer, hjerst en winter; alle fjouwer seizoenen komme foarby. Haadrolspilers binne ûnder oare de heidehipper, de leppelbekken en de sângril. Troch de folsleine dokumintêre hinne binne de boskwachters fan Steatsbosbehear de gids op it Waadeilân.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)