Fryslân DOK fan 29 jannewaris 2012

Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018

‘De kâns om yn 2018 Kulturele Haadstêd te wurden moatte we gripe’, seit deputearre Jannewietske de Vries (PvdA). It sil Fryslân Europeesk op de kaart sette, der komme faaks wol 2 miljoen minsken op ôf en de ynvestearring wurdt weromfertsjinne. Yn Nederlân binne fjouwer kandidaten: Utrecht, Maastricht, Eindhoven en Ljouwert. In sjuery fan de Europeeske kommisje wiist op basis fan in ‘bidbook’ de winner oan.

Der is bot diskusje ûntstien oer it stribjen om Kulturele Haadstêd te wurden. Yn 2009 keas deputearre De Vries foar ‘Fryslân’ as kandidaat, mar dat blykt no net te kinnen. De foarsitter fan de Stichting Kulturele Haadstêd 2018, Siem Jansen, sjocht wol goede kânsen foar Ljouwert fanwege de mienskipssin fan de Friezen en de twatalichheid.

It buro fan de Stichting Kulturele Haadstêd is no twa jier oan 'e gong en hat twa miljoen oan budzjet brûkt, mar oansprekkende plannen binne der noch net. Dat makket dat der de nedige opposysje is yn provinsjale steaten, mar de koälysje fan PvdA, CDA en FNP bliuwt it plan stypjen. De gemeenteried fan Ljouwert moat mei 10 miljoen minder ta en moat besunigje op keunst en kultuer. It grutste part fan de ried fynt it in probleem om no jild foar de kulturele haadstêd te jaan. Underwilens hawwe de Steaten fan Fryslân besletten om oant maart fan dit jier acht ton út te lûken foar de stifting Kulturele Haadstêd, sadat der fierder wurke wurde kin. Dochs sil Ljouwert sels yn maaie ek mei in substansjeel bedrach oer de brêge komme moatte.

Fryslân DOK folge de diskusjes yn ferskate sittings fan de steaten en de Ljouwerter ried. Twa kritisy hawwe mei de kameraploech mei west om harren kommentaar op de gong fan saken te jaan. Dat binne: Huub Mous, keunsthistoarikus en organisator fan kultuerfestivals, en Luuk Inberg, âld-amtner fan de provinsje Fryslân en folger fan de Fryske polityk.

Share this page on:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)