Fryslân DOK fan 29 april 2012

David Gorlaeus, Frysk wûnderbern yn de filosofy

De jonge Fries David Gorlaeus út Koarnjum, krekt boppe Ljouwert, wie ien fan de filosofen dy't oan de basis stie fan ús wittenskip. Gorlaeus wurke as filosoof yn in tiid dat de midsieuwen definityf efterlitten waarden en de moderne tiid oanbruts. Hy skreau op syn minst twa boeken en makke diel út fan in groep radikale Frjentsjerter filosofen. Hy ferstoar op 27 april 1612, doe't er krekt 21 jier âld wie.

Dat is no freed presys 400 jier ferlyn. Gorlaeus is min of mear fergetten; sels de measte filosofen sille him net kenne. Dat er fergetten is, is ûnrjochtlik. Hy beskreau as ien fan de earsten dat de matearje út atomen bestean soe.

Dêr sit it drama: hiel jong ferstoarn en as persoan hast fergetten, mar as filosoof hie David Gorlaeus in hiel wichtige ynfloed op de grutte filosofen dy't nei him kamen.

De Fryske histoarikus Arjen Dijkstra hat útwreidich stúdzje dien nei it libben en de betsjutting fan David Gorlaeus. Yn dizze dokumintêre nimt Dijkstra de sjogger mei nei in tal plakken dêr't de fuotprint fan Gorlaeus te finen is. Nei Gorlaeus' wenplak Koarnjum; nei Ljouwert, dêr't er nei skoalle gie; Frjentsjer en Leiden, dêr't er studearre; en Utert, syn berteplak en it plak dêr't de filosofy trochbruts.

Op 27 april 2012 wurdt yn Koarnjum in lyts en eksklusyf wittenskiplik kongres hâlden oer dizze filosoof. Presys 400 jier nei syn dea. Twa dagen letter wurdt de dokumintêre útstjoerd op Omrop Fryslân en Nederlân 2.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)