Fryslân DOK fan 28 oktober 2018 17:00

Sykje Sûnder Ein; Diel 2

"Ik frees dat der mar ien persoan yn 'e wrâld is dy't in film meitsje kin oer myn printen: iksels", sa skreau de yn Ljouwert berne keunstner M.C. Escher ea. Filmmakker Robin Lutz naam dy opmerking as útgongspunt foar syn dokumintêre oer it libben en wurk fan de wrâldferneamde grafikus. Hy lit Escher oan de hân fan brieven, deiboeknotysjes en oare teksten sels it ferhaal fertelle.

Oanfolle mei trijediminsjonale animaasjes, unike argyfbylden fan de keunstner sels, foto's en de ferhalen fan syn bern en bewûnderder Graham Nash jout dat in heel nij byld fan de man dy't in libben lang sykjende bleau en wegere om himsels keunstner te neamen.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)