Fryslân DOK fan 28 maaie 2017 17:00

    Liet fan de toendra

    'Ik kin myn gefoelens kwyt yn it sjongen. En dat moat yn myn memmetaal, want ik ha sáfolle gefoelens dy't ik fertelle wol'. Seit sjongeres Ella Marie Haetta Isaksen yn de Fryslân Dok 'Liet fan de Toendra'. Ella Marie is achttjin jier en har memmetaal is Sami. Se wennet yn Kautokeino, op de toendra fan Noarsk Laplân, fier boppe de poalsirkel. Se is opgroeid mei de joik, de tradisjonele wize fan sjongen fan de Sami. Ella Marie is grutsk op har ôfkomst en op de kultuer fan de Sami, en sy kombinearret de 'joik' mei har moderne muzyk.

    Ek de Fryske sjongeres Aafke Zuidersma sjongt it leafst yn har memmetaal, want: 'dat leit sa ticht by mysels'. Aafke is kapster mar soe it leafst trochgean yn de muzyk. Aafke en Ella Marie dogge beide mei oan Liet Ynternasjonaal, it festival foar Europeeske minderheidstalen, yn april holden yn Kautokeino. n de dokumintêre 'Liet fan de Toendra' in portret fan beide sjongeressen op wei nei it festival.

    Fryslân DOK

    Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    (advertinsje)