Fryslân DOK fan 28 juny 2020 17:00

 'De oarloch fan heit en mem'

Op Skiermûntseach filmje Thom Verheul en Ismaël Lotz fjouwer bern fan flak nei de oarloch. Yn de Fryslân DOK 'De oarloch fan heit en mem' sykje de bern nei de ferhalen dy't it libben fan har âlders tekene hawwe, en dêrmei ek krassen set hawwe yn har eigen siel.

75 jier nei de lette befrijing fan Skiermûntseach libbet de oarloch noch yntins yn de hollen fan bern fan nei 1945. Al binne op it lytse eilân de spoaren fan de oarloch o sa sichtber, dochs binne der noch in protte ûnbeäntwurde fragen. Dat jildt bygelyks foar Wytske, waans mem troch it needlot troffen waard, en ek foar Yvo, soan fan in jonge Joadske ûnderdûkster. Safolle fragen ek foar Herman, soan fan in Grinzer fersetsman. En de Dútske Frieder giet op syk nei de ferswijde oarloch fan syn heit, in hege offisier fan de Wehrmacht op it eilân.

'De oarloch fan heit en mem' is in dokumintêre fan Thom Verheul en Ismaël Lotz. Yn 'e dunen, yn it doarp, yn in pleats bûtenút binne bern op syk nei de oarloch fan har heit of mem. It eilân Skiermûntseach waard pas befrijd op 11 juny 1945, as lêste stikje fan Nederlân.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)