Fryslân DOK fan 28 febrewaris 2021 17:00

'De wite wale', oer molke

Joris Driepinter. Melk is goed voor elk. Melk, de witte motor. Generaasjes binne opgroeid mei de reklameslogans fan de suvelyndustry. De wite motor wurdt ek eksportearre nei Afrika en Azië. Mar hoe sûn binne dy molkeprodukten eins?

Nederlanners binne grut wurden mei it idee dat de suvel fan ús lân miskien wol de bêste fan de wrâld is. Dêrom produsearje wy folle mear as dat wy sels nedich hawwe. Programmamakker Bart Kingma: "Melkfeehâlderijen hawwe groei as belangrykste doel. Op krityk as miljeufersmoarging, of skea oan de biodiversiteit, is it antwurd dat se meitinke oer duorsumer wurkje, en dat se de wrâld fiede mei sûne molkeprodukten. Ik ûndersykje oft dy sûnensclaim wol kloppet."

Ferdjipjende podcasts

Harkje ek nei de podcasts mei de ferskate eksperts oer molke: Omropfryslan.nl/programma/fryslan-dok-ferhalen-fan-it-flakke-lan

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)