Fryslân DOK fan 27 novimber 2016 17:00

Jentsje Popma (95) fertsjinne nei de oarloch syn brea mei it meitsjen fan monumintale keunstwurken. Dy keunstwurken binne rûnom yn de provinsje en fier derbûten te finen. Letter besleat hy it Fryske lânskip fêst te lizzen, om't er seach dat dat feroare troch klimaatynfloeden, minsklik yngripen en de meganisaasje fan de lânbou.

Jentsje Popma skilderet net mear. It fersoargjen fan syn frou frege de lêste jierren al syn krêft en oandacht. Ferline jier skonk er al syn wurk én syn atelier oan de stichting Nijkleaster fan Jorwert. Yn syn lêste rige skilderijen ûndersocht er it langjen om út it libben te ferdwinen; de flecht nei it ljocht.

Syn bewûnderders pleitsje foar in oersjochsútstalling yn it Fries Museum. It bruit Popma sels minder, hy freget him ôf oft hy goed en sinfol wurk makke hat.

"In fleurige ûnheilsprofeet", neffens skilder Klaas Werumeus Buning.
"In sjamaan", seit freon en skilder Piter Torensma.

Fryslân DOK: De flecht nei it ljocht
Snein 27 novimber fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 26 novimber om 15.30 oere en snein 27 november om 13.05 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)