Fryslân DOK fan 27 maart 2016 17:00

De passy fan Abbegea

De Fryslân DOK ‘De passy fan Abbegea’ fertelt it ferhaal fan in bysûnder barren op 3 april 1942 yn Abbegea. Op dy dei wie de útfiering fan de Mattheus Passion troch in lyts, ûnbedreaun doarpskoar yn Abbegea.

Dat barren soe letter fan grutte ynfloed wêze op de besikers en in lettere generaasje musisy. Dirigint Gerben van der Veen (Heech, 1956) is ien fan dy minsken. Syn âlden songen yn 1942 beide yn it koar. It stik soe it muzikale hert fan harren houlik en húshâlding wurde.

Mar hoe hat yn lytse mienskip yn oarlochstiid de geast en krêft fûn om sa’n Dútsk en dreech stik op te fieren? It sprekt Van der Veen sa ta de ferbylding dat hy 74 jier letter op syk giet nei de muzikale woartels fan syn famylje en himsels. In ferhaal oer it muzikale DNA fan Abbegea. Op syk nei in ûnderfining dy’t trije generaasjes fierder noch trochklinkt yn de famyljeskiednis en rike koartradysje fan Fryslân.

Fryslân DOK: De passy fan Abbegea
Snein 27 maart fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 26 maart om 15.30 oere en snein 27 maart om 13.00 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)