Fryslân DOK fan 27 april 2014 17:00

    Biogas, sukses of debâkle?

    Boer Valkenhoef út it Fryske Ferwert sjocht mei triennen yn de eagen nei syn stilleine dongfergêster. It like sa moai yn Fryslân: enerzjy út dong. Mar it waard foar de measte boeren in drama. Wat foar kânsen binne der noch? Yn dizze dokumintêre fan Fryslân DOK draait it om de fraach: is biogas in sukses of in debâkle?

    Jierliks tsientûzenen euro’s ferlies. Guon boeren seagen har pensjoen ferdampen. Oanlokke troch de rop om duorsumens, rykssubsydzjes en optimistyske adviseurs setten sy tsien jier ferlyn útein tusken Ljouwert en Dokkum mei dongfergêsting. Mar it tij kearde. De prizen fan grûnstoffen as glyserine en grienôffal waarden heger, de priis fan de opwekke elektrisiteit sakke en De Haach feroare om it hurtsje de subsydzjes.

    Under oanfiering fan boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert, FrieslandCampina, ôffalferwurker Omrin, Wetterskip Fryslân en advysburo E-Kwadraat wurdt hurd wurke oan in nij inisjatyf. De dielnimmende partijen wurkje gear ûnder de namme ‘De Griene Freonen’. Wichtich punt is dat der gjin elektrisiteit mear wûn wurdt út de dongfergêsters en fergêsters fan rioelslib, mar ierdgas en mineralen lykas fosfaat. Sa’n oanpak ferheget it rendemint en makket ynvestearrings yn fergêsters oantrekliker.

    Fryslân moat sa de meast duorsume provinsje wurde, dêr’t foar it earst yn de wrâld de keatling tusken gers en molke hielendal sluten wurde sil. It sluten fan de keatling is needsaaklik om’t der in soad dong is en der nei 2015 noch folle mear by komt troch de grutte fraach nei suvel út Sina en Yndia. It plan is om de fergêsters troch in gaslieding oan elkoar te keppeljen en it gas yn it ierdgasnet te stopjen. Molkweinen, de jiskeweinen fan Omrin en alle bussen yn Fryslân moatte op biogas riden gean. Dy ûntwikkelings binne lykwols noch net genôch. Ut dong soenen ek noch fosfaten en stikstof helle wurde moatte, wêrmei’t djoere keunstdong útsparre wurde kin.

    Wetterskip Fryslân wurdt it earste wetterskip yn Nederlân dat rjochtstreeks gas leverje sil oan oaren. Yn Ljouwert sil in sintrale fergêster omboud wurde, dy’t yn 2017 klear wêze moat. De plannen fan Friesland Campina en Omrin om mei-inoar gas út biogas te heljen foar de molk- en frachtweinen sille tusken 2015 en 2017 útrôle wurde. It bûtenlân sjocht yntusken mei belangstelling ta oft Fryslân it foarinoar krijt.

    Ek te sjen op sneon 26 april om 10:25 oere en snein 27 april om 15:25 oere op Nederlân 2.

    Fryslân DOK

    Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    (advertinsje)