Fryslân DOK fan 26 oktober 2014 17:00

De Terp De fyftich bewenners fan opfang De Terp yn Ljouwert ferhúzje nei in nagelnij ûnderkommen. It binne ferslaafden mei psychiatryske problemen, net mear sa jong, mei foarhinne in swalkjend bestean. Yn de soarchopfang fan Zienn meie bewenners drugs brûke, mar se moatte harren wol oan de regels fan it hûs hâlde. Fertriet en humor lizze hjir ticht by inoar. Fryslân DOK folget de bewenners en harren ferhuzing yn in twadielige dokumintêre. Diel 1 Wy komme yn de kunde mei Nico en Susanne. Nico, dy’t nei alle gedachten autistysk is, rekke oan de heroïne en fertutearze himsels. Jongste bewenner Susanne wrakselet mei meardere ferslavings en mei in drinkende mem. Op “mijn moeders moment” drage se in selsskreaun gedicht foar. En alle wiken geane se nei in pleats yn Stiens om de sinnen te fersetten.
Share this page on:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)