Fryslân DOK fan 26 maart 2017 17:00

Fryslân DOK: Lûk
Fryslân sit fol minsken mei in bysûndere libbenswize. Johanna Brinkman en Lars Hoekstra, beide tweintigers en wurksum by Omrop Fryslân, stappe foar it projekt ‘Lûk’ yn it libben fan twa fan dy minsken mei in bysûndere libbensstyl. De sjogger wurdt meinommen yn de rauwe wrâld dy't it gewoane foarby giet.

Lars is fassinearre troch de Jehova’s Tsjûgen. Wêrom besykje sy minsken te oertsjûgen fan harren geloof? Hy is wolkom by Desiree Westerhof. Sy nimt him mei lâns de doarren en nei in stúdzjegearkomste fan Jehova-jongeren. Foar Lars bliuwt it in frjemde wrâld. Mar de earnst en ynset fan dizze jonge minsken foar harren leauwen twingt by him wol respekt ôf.

Johanna folget bisterjochtenaktivist Peter Janssen. Hy waard bekend as de ‘vegan streaker’ doe’t hy yn 2008 in show fan Paul de Leeuw fersteurde. Se leit mei har kamera fêst hoe’t Peter nachts in kninefokkerij binnen giet en dêr in protte deade bisten oantreft. Ek sit se op de tribune fan de bollegefjochten yn Alicante as Peter dêr de arena yn draaft om aksje te fieren tsjin dy foarm fan folksfermaak. Johanna is sels fegetariër en stelt harsels de fraach: Soe ik dit no ek kinne? Soe ik dit wolle? Wêr leit by my de grins?

It projekt ‘Lûk’, mei seis dokumintêren binne online werom te finen op: www.omropfryslan.nl/luk.

Snein 26 maart om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân. Ek te sjen op sneon 25 maart om 15.30 oere en snein 26 maart om 13.30 oere op NPO 2.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)