Fryslân DOK fan 26 jannewaris 2014 17:00

Ymkje Ytsma en Berdien Bies binne twa jonge froulju fan 27. De freondinnen wenje yn Drachten, yn de wenfoarm fan de Noorderbrug. Ymkje en Berdien binne lichaamlik swier beheind. Ymkje is spastysk, Berdien hat in spiersykte. Mar mei alle hindernissen besykje sy alles út it libben te heljen dat der yn sit.
Wa binne dizze twa froulju, wat driuwt harren en hoe sjocht it libben der út as je sa ôfhinklik binne fan help fan oaren? Hielendal no, yn in tiid dêr’t bot besunige wurdt en de soarch ûnder druk stiet.
Yn Fryslân DOK folgje wy Ymkje en Berdien fjouwer dagen. Dizze dagen mei Ymkje en Berdien litte sjen hoe’t krêft en kwetsberens hiel ticht by elkoar lizze.

Fryslân DOK: Beheind yn de beheining
Snein 26 jannewaris om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.
Sneon 25 jannewaris om 10:25 oere op Nederlân 2. Nochris te sjen op snein 26 jannewaris om 15:25 oere op Nederlân 2.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)