Fryslân DOK fan 26 febrewaris 2012

Anne Zernike, om it leauwen en de sinnigens

Anne Zernike (1887-1972) is yn keunstnersrûnten bekend as de frou fan skilder Jan Mankes. Mar Anne wie ek de alderearste froulike predikant fan Nederlân. Doe’t sy 24 wie, kaam sy fan Amsterdam nei De Knipe. Op 5 novimber 2011 wie it presys 100 jier ferlyn dat Zernike dûmny waard. Programmamakker Annet Huisman skreau en regissearre in dokumintêre oer Anne Zernike: ‘Om it leauwen en de sinnigens’.

De film giet benammen oer de jonge jierren fan Anne Zernike yn Amsterdam en De Knipe (1911-1915). Fol entûsjasme en idealen kaam Anne nei it lytse Fryske doarp. It libben as jonge studearre frou yn in ienfâldige mienskip wie net altyd maklik, mar sy rêde har dermei. Nei in pear jier kaam Anne yn ‘e kunde mei de skilder Jan Mankes. Beide sochten in yntins geastlik libben en werkenden dat yn elkoar. It kaam ta in houlik en dat betsjutte fuortdaliks ek de ein fan harren ferbliuw yn De Knipe.

Trije froulju rekonstruearje it ferhaal fan dizze frijsinnige en eigensinnige frou. In promovendus, in studinte teology en in lid fan de Meniste tsjerkeried. Sy roppe Anne werom út ’e tiid. Yn filmsênes dielt de jonge Anne Zernike mei ús har dilemma’s en har passy.

De premjêre wurdt hâlden op freed 24 febrewaris yn Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar, dêr’t op dit stuit in grutte eksposysje ynrjochte is om de skiednis fan de Menisten hinne. De dokumintêre wurdt snein 26 febrewaris foar it earst útstjoerd op Omrop Fryslân Televyzje en Nederlân 2.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)