Fryslân DOK fan 26 augustus 2018 17:00

    Christiaan Kuitwaard, avonturier achter hûs

    Suver flústerjend fertelt Christiaan Kuitwaard yn tekeningen en skilderijen oer syn leafde foar de gewoane dingen om ús hinne. Kopke, stoel, takke, skaad, see. En dan benammen de stilte dy't deryn skûlet.

    Ienfâld, ferwûndering en konsintraasje binne begripen dy't alles mei keunstner Christiaan en syn wurk te krijen ha. Neffens him is oeral wol in skilderij fan te meitsjen. Oft it no om in deade takke, in banaan of in plankje giet: alles lient him wol foar it meitsjen fan in goed skilderij.

    De Fryslân DOK dokumintêre 'Christiaan Kuitwaard, avonturier achter hûs' is in portret fan in keunstner dy't al jierren in foaroansteande rol yn de Fryske skilderkeunst spilet. Museum Belvédère folget syn artistike ûntwikkeling op de foet. En ek lanlik begjint Kuitwaard troch te brekken.

    Fryslân DOK

    Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    (advertinsje)