Fryslân DOK fan 25 oktober 2020 17:00

Moat it plattelân him opnij útfine? Oeral yn ús maatskippij is ferlet fan nije perspektiven. Ek op it plattelân. It âlde ferhaal fan grutskaligens liket útwurke te wêzen en der moat in nij ferhaal komme. Mei de searje 'Beklimmers fan it flakke lân' jout Fryslân DOK alle moannen romte oan minsken en ideeën yn dy syktocht fan it plattelân.

Oflevering 1: Perspektyf
Oeral yn Fryslân ûntsteane ideeën en inisjativen, fan enerzjykoöperaasjes oant pluktunen en technologyske ynnovaasjes. Tagelyk is der ek wjerstân tsjin fernijing, hielendal as dy fan bûtenôf oplein wurdt. As de libbensstyl ûnder druk set wurdt troch nije regels of troch bewegings dy't tradysjes de maat nimme, giet it plattelân foarop yn it ferset.Yn de fernijing fan it plattelân is it dus saak om goed perspektyf te kiezen. Wêr moatte de plannen wei komme, wat is de rol fan de bewenners sels, mei hokker mentaliteit?

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)