Fryslân DOK fan 25 maart 2012

Noorderbreedte - Oosterlengte

Yn opdracht fan it tiidskrift ‘Noorderbreedte’, dat 35 jier bestiet, makke de Fryske komponist en organist Klaas Hoek in nije komposysje: ‘Noorderbreedte-Oosterlengte’. Hy siket fjouwer plakken yn it Noarden dêr’t net folle oant gjin minsken binne. Hy fynt de wyn fan it Noarderleech, de stilte fan Uithuizermeeden, de eardere Barak 57 út Westerbork en de dichter dy’t ferdwûn út Zandpol. Foar Fryslân DOK makke Thom Verheul in filmyske ympresje fan de syktocht fan Klaas Hoek.

Hoek komponearret muzyk by it gedicht ‘Stil Dorp’ fan Willem de Merode oer Uithuizermeeden. Dêr sprekt foaral in gefoel fan beklemming út oer doarpske stilte en sletten gerdinen. Yn ’e brede flakte fan it Fryske Noarderleech wurket Hoek tegearre mei stimkeunstneresse Greetje Bijma oan in ymprovisaasje fan klanken út syn harmoanium en lûden fan de wyn en fûgels.

Barak 57 is út Westerbork ferdwûn. Flak foar de ferhuzing út Veendam werom nei Westerbork, gong de barak yn flammen op. Thom Verheul fûn bylden fan de Barak út 1966 en fan flak foar de brân. Fotograaf Sake Elzinga makke noch foto’s yn Veendam en fertelt oer syn bysûndere ûnderfinings. Bijma fertolket har gefoelens by de skiednis fan de barak yn in Joadsk gesang.

Yn it Drintske Zandpol wenne ien fan Nederlâns meast eare dichters: H.H. ter Balkt. Syn frou Willemien en hy hienen drege jierren yn Zandpol. Yn 'e film fertelle sy iepenhertich oer harren Drintske perioade. De dichter fielde him oanlutsen troch de blues, dy’t yn Drinte goed oansloech en ferneamde fertolkers kende, lykas Harry Muskee. Dat ynspirearre Klaas Hoek om in stik blues te ferwurkjen yn syn komposysje ‘Noorderbreedte-Oosterlengte’.

Wy sjogge de komponist thús yn Boer, benoarden fan Frjentsjer, yn syn hûs út de 15e ieu, oan it wurk achter ien fan de prachtige harmoaniums dy’t er sammelet en restaurearret.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)