Fryslân DOK fan 25 juny 2017 17:00

Fierljep-legende Bart Helmholt naam nei it seizoen fan 2016 ôfskied fan it fierljeppen. Nei 20 jier makke er syn lêste sprong mei in Nederlânske titel én in Nederlânsk rekôr. Yn de Fryslân DOK ‘Ik wol alles winne’ folget programmamakker Frearik Weima de ljepper fan syn jeugd oant syn ôfskied yn Burgum.

Winst

Hy waard bekend fanwegen syn enoarme drive om te prestearjen: Bart Helmholt. De man dy’t, oant it lêste ta, grinzen wist te ferlizzen. Hy wûn in soad prizen, mar faalde regelmjittich op de meast wichtige mominten.

Karriêre

Bart begûn op syn tolfde mei it fierljeppen en hat yn totaal 14 senioreseizoenen draaid. Yn de dokumintêre wurdt Bart syn libben en karriêre folge. Fierder komme de ferhalen efter de djipte- en hichtepunten út de karriêre fan de grutste fierljepper fan dizze iuw oan bar.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)