Fryslân DOK fan 25 febrewaris 2018 17:00

    It lân neist ús, berjochten fan 'e keukentafel

    Alles yn de wrâld om ús hinne makket ûntwikkelingen troch. Dingen ûntstean, libje en feroarje. Yn de Fryslân DOK dokumintêre 'It lân neist ús, berjochten fan 'e keukentafel' folget filmmakker Henk Penninga trije jier lang it stik lânbougrûn direkt njonken syn hûs en syn tún en keuken.

    Ast út de rút sjochst by de keukentafel fan filmmakker Henk Penninga, dan sjochst it boulân ûnder Minnertsgea. Njonken it lânbougrûn is ek de groei, risping en ferwurking yn Penninga's eigen tún en keuken registrearre. Yn de film is ûnder oare te sjen hoe't tulpebollen fan it lân helle wurde, hoe't in keppel hynders weide wurdt en hoe't der mei in metaaldetektor yn de grûn socht wurdt.

    Muzyk út alle wynrjochtingen fan de wrâld makket in essinsjeel ûnderdiel út fan dizze poëtyske fertelling. In stim fertelt oer it Oer-begjin fan de tiid, wêryn't it Noarden, Súden, Easten en Westen byinoar komme om te oerlizzen oer de eigenskippen fan de mins. De plakken dêr't fûgels wenje moatte en de rol fan de masinen dy't de mins brûkt.

    Fryslân DOK

    Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    (advertinsje)