Fryslân DOK fan 25 desimber 2019 15:30

Fryslân DOK 'Hert & Siel' de film 

De moderne westerske minske komt stadichoan mear los te stean fan de natuer, rekket mear en mear ferfrjemde fan de wrâld om him hinne. Troch yndustrialisaasje en trochgeande oerkonsumpsje en produksje ha we oerâlde relaasjes stikken makke. Dêrmei ferfrjemdzje wy úteinlik fan ússels. Wolle we yn de takomst de ierde en ússels sûn hâlde, dan sille we dat herstelle moatte. Ferbinings mei ús ferline, tusken minsken en natuer, mei ús grûn en eftergrûn. Eins is der mar ien type minske dat dy ferbinings noch hat, en dat is... de ambachtsman of -frou. Ambachtslju soenen dus in krúsjale rol krije moatte yn ús takomstige maatskippij; net út eachpunt fan nostalgy mar as de moderne, ûnmisbere skeakel tusken minske en technology.

Dat is it ferhaal fan de film 'Hert & Siel (en de keunst fan it motorûnderhâld)'. Dizze dokumintêre fan oardel oere folget de bou fan 'de Fryske motor'. Dat keunstwurk, de replika fan in maishakselder, stiet yntusken yn it Fries Museum. Under lieding fan keunstner Éric van Hove makken ambachtslju de ferskate ûnderdielen fan porslein, glês, hout, koper ensfh. De Fryske motor lit sjen wat we kwytrekke binne en wat we herstelle kinne.

Ambachtsminsken meitsje produkten mei hert en siel, mei each foar it materiaal, foar de oarsprong fan it fak, foar it ferantwurde omgean mei boarnen. It binne dy ferbiningen, mei de histoarje, mei de omjouwing, dy't de moderne westerske minske sûnt de yndustrialisaasje ferbrutsen hat. Dêrmei is de Fryslân DOK 'Hert & Siel' net allinnich in film oer in yntinsyf en somtiden emosjoneel produksjeproses, mar ek in spegel foar de westerske konsumint.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)