Fryslân DOK fan 25 april 2021 18:00


Smokkelbern diel 2 : Oan 'e ein fan 'e wrâld.

Yn Holwert en Blije hawwe yn de oarloch tsientallen Joadske bern ûnderdûkt sitten. Diel twa fan de Fryslân DOK-searje 'Smokkelbern' hjit 'Oan de ein fan de wrâld'.

It wrydske plattelânsgebiet oan de Fryske waadkust wie in feilich plak foar Joadske bern, sa die bliken. Hjir, 'oan de ein fan de wrâld', soargen dûmny's, dokters en oare pleatslike notabelen mei de oare doarpsbewenners foar ûnderdak. Yn Fryslân DOK ynterviews mei Ellen Israel en Ron de Pauw, dy't dêr as bern de oarloch trochbrochten. Amateurhistoarisi Harm Andringa en Jan van der Velde beskriuwe de sitewaasje yn Holwert en Blije yn 'e oarloch.

De ûnderdûkperioade hat in protte Joadske bern in djippe yndruk makke en bepaalt sels no noch harren libben. Jetty van der Hoek kaam as lytse poppe terjochte by de famylje van der Molen yn De Knipe. Trije net-troude susters en harren broer soargen foar har. Doe't it famke nei de oarloch weromgie nei har âlders yn Utert, wie se bot ûnwennich. De Fryske famylje kaam earst tydlik, en letter sels definityf nei it midden fan it lân om yn har buert te wêzen. 'Ze waren er altijd voor me,' seit Jetty.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)