Fryslân DOK fan 24 novimber 2019 17:00

Hert & Siel: diel 1

De searje ‘Hert & Siel’ folget de bou fan 'de Fryske motor'. Dit keunstwurk, de replika fan in maishakselaar, stiet sûnt oktober 2019 yn it Fries Museum. Keunstner Éric Van Hove wol mei dit wurk de wearde fan it ambacht toane. Ambachtslju hawwe alle ûnderdielen op ‘e nij makke, yn harren eigen fakgebiet, fan porslein, glês, koper en beskildere hout.

De start is yn it atelier fan Van Hove yn Marrakesh. Dêrnei 'groeit' de motor mei wurk fan glêsblazers yn Sweden, in biensnijer fan Bali, keramyk en smeierij út Ljouwert, houtsnijwurk út
De Knipe, skilderwurk fan Noardburgum, Hylper skilderwurk en Harnzer tegelwurk.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)