Fryslân DOK fan 24 maart 2019 17:00

Foar ik ferjit:

Tom Giliam krige goed tsien jier ferlyn te hearren dat er Alzheimer hie. Hy wie doe 54 jier. It sette syn libben en dat fan syn frou Martine en fjouwer bern folslein op ’e kop. Regisseur Gerard van der Veer en kameraman Daniël Klok folgje de famylje Giliam hast in jier lang. Yn de Fryslân DOK dokumintêre ‘Foar ik ferjit’ wurdt it byld sketst hokker gefolgen de sykte hat foar Tom, foar syn frou Martine en de bern. “Toen ik de diagnose hoorde, voelde ik ons gelukkig gezinsleven als zand door mijn vingers wegglippen’’, seit Martine yn de dokumintêre.

Prate oer syn sykte die Tom net folle. Mar út de brieven dy’t er skreau oan syn famyljeleden wurdt dúdlik watfoar iensume en ûngelykse striid hy fierde tsjin Alzheimer. Ek op de bern hie de nije situaasje yn de húshâlding in soad ynfloed. “We waren best open tegen elkaar over de ziekte”. “Maar toch, we leefden ook langs elkaar heen en verwerkten de ramp die zich voltrok in ons gezin allemaal in ons eigen wereld’’, sa fertelt dochter Janneke.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)