Fryslân DOK fan 24 juny 2018 17:00

Fan in bettere nei in oare wrâld:
Yn de bosken fan Hoarn op Skylge stiet de iennige folkshegeskoalle fan Nederlân: Schylgeralân. Yn it wykein fan 29 juny fiere sy harren 70-jierrich bestean mei in grutte reüny. Programmamakker Albert Jensma en direkteur Amarins Geveke sjogge werom yn de tiid oan de hân fan de dokumintêre 'Fan in bettere nei in oare wrâld', fan Johan van der Zee. Wat is der feroare de lêste 15 jier?

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)