Fryslân DOK fan 24 jannewaris 2021 17:00

Fryslân DOK-searje 'De berchrede fan it flakke lân' - diel 4

Yn de maitiid fan 2020 ferlamme de coronakrisis de maatskippij foar in grut part. Mar dy opleine stilte joech ek romte om nei te tinken oer de takomst. Hoe sil de wrâld derút sjen nei de krisis? Wat wolle wy weromfine, wat moat oars en better? Fryslân DOK frege acht tinkers in essay te skriuwen mei harren ideeën foar it post-coronatiidrek.

Programmamakker Bart Kingma gong mei harren yn petear. Mei-inoar foarmje dy ferhalen 'De berchrede fan it flakke lân'. Elk skriuwt syn part en wiist yn in rjochting dy't wy ynslaan kinne, as wy dat wolle. Under it motto 'It lân fan moarn freget de moed fan hjoed' makke Fryslân DOK fjouwer ôfleveringen mei alle kearen twa skriuwers. Oan it wurd komme: boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach, kultureel ûndernimmer Oeds Westerhof, biolooch Theunis Piersma, terapeute Greet Andringa, sjongeres Nynke Laverman, sivyl yngenieur Govert Geldof, filosoof Jabik Veenbaas en politika Anja Haga.


23 en 24 jannewaris diel 4: Jabik Veenbaas en Anja Haga

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)