Fryslân DOK fan 23 novimber 2014 17:00

Alles hat in reden Sido Martens út Ljouwert is in 'lone wolf' yn de muzykwrâld. Syn publyk en resinsinten drage him op hannen, mar dochs bliuwt de rûnte oanhingers lyts. Snein 2 novimber fierde Sido Martens syn 65e jierdei mei de presintaasje fan in nije cd en in jubileumboek. Fryslân DOK folge de muzikant yn de oanrin nei dizze release ta. Sawat alle jierren bringt Martens in cd út, faak mei in boekwurkje. As er hûndert albums ferkeapet, is him dat prima. De sealen dêr't er optreedt hoege net te grut. Dêr fielt Martens him goed by. Yn tsjinstelling ta eartiids, doe't er as gitarist mei de folkband Fungus yn de jierren santich bot súksesfol wie. Nei it súkses mei Fungus kaam de teloarstelling. Martens bedarre yn in depresje en rekke goed tsien jier gjin gitaar oan. Dêrnei keas er foar syn eigen, it lytsskalige paad. Fryslân DOK besiket yn dit portret mei de artyst út te finen hoe't súkses, kwetsberens, eangst en eigensinnigens yninoar omgripe. Fryslân DOK: Alles hat in reden Snein 23 novimber om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 22 novimber om 10:30 oere en snein 23 novimber om 15:30 oere op NPO 2.
Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)