Fryslân DOK fan 22 septimber 2019 17:00

De platte froulju: Hûndert jier breidzjend feminisme op it Fryske plattelân.

Fûle feministes wiene it perfoarst net. It gie harren benammen om de ferbyntenis en om wat by te learen. Sjonge, hantwurkje, nijsgjirrige sprekkers útnûgje, reiskes meitsje en kursussen folgje. Inoar stimulearje om yn aksje te kommen en fierder te sjen as it eigen hiem. Dat wie it doel. It Bûn fan plattelânsfroulju yn Fryslân (Vrouwen van Nu Fryslân) bestiet 100 jier.

Fryslân DOK ûndersiket de betsjutting fan it bûn foar de froulju dy't al jong lid waarden en it noch altyd binne. Guon mear as 60 jier. Mar ek hoe't in jongere generaasje oare wegen kiest om it plattelân yn beweging en by de les te houden.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)