Fryslân DOK fan 22 oktober 2017 17:00


Mata Hari
Ofrûne wike wie in in iuw lyn dat Mata Hari foar it eksekúsjepeloton stoar. Sûnt dy tiid hat se ús hûndert jier yn de besnijing holden. Dy fassinaasje liket floeiber te wêzen: biografen en ynteressearren besykje hieltyd in oar byld fan Mata Hari te sketsen, dat oerienkomt mei de tiidgeast fan it momint. Sa feroaret it byld hieltyd wer, fan in ferliedlike dûnseres oant in gefaarlike spionne, fan in femme fatale nei in slachtoffer fan misbrûk, fan in dame sûnder net folle moraal oant in stoere sterke frou dy't har lot yn eigen hannen naam.

Fryslân Dok siket nei de reade tried yn dy ûntjouwing, en speurt yn Parys nei de oantrekkingskrêft fan dy stêd op Mata Hari. Dêrnjonken folgje we Tet Rozendal, de aktrise dy't yn de rol krûpt fan Mata Hari. Se spilet har foarstelling yn Parys. In dream dy't útkomt, of in gefjocht om je dreamen realisearje te kinnen?

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)