Fryslân DOK fan 22 maart 2020 17:00

Tsjerken te keap: De takomst

Yn de kommende tsien jier sille yn Fryslân sa'n hûndert tsjerken slute moatte. Allinnich al yn de gemeente Súdwest-Fryslân gean foar 2030 teminsten 27 tsjerken ticht, stiet yn in enkête ûnder 129 tsjerkebestjoeren yn dy gemeente. Neffens de Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed is dat 'echt heel veel'. Dit blykt út de twadielige dokumintêre 'Tsjerken te keap' fan Fryslân DOK, oer it ôfskie én de takomst fan monumintale tsjerkegebouwen. Saakkundigen ferwachtsje 'een hausse aan kerksluitingen'. Sy hâlde der rekken mei dat it der noch mear wêze sille as dat de sifers no oanjouwe.

Diel 2: 'De takomst.' Hokker funksje kinne leechsteande tsjerkegebouwen krije, sadat se ek foar de takomst beholden bliuwe? Fryslân DOK giet op 'en paad mei meiwurkers fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken en it Steunpunt Monumentenzorg Fryslân. Yn in Ljouwerter tsjerke sitte no in skoalle en berne-opfang. De tsjerke fan Dedzjum herberget in B&B. Mar net foar ál dy hûndert tsjerken dy't no op 'e merk komme, sil sa'n nije bestimming fûn wurde. De fraach is: moatte jo alles wol behâlde wolle?

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)