Fryslân DOK fan 22 maart 2015 17:00

Kening fan ‘e greide De kening fan de greide is de skries. De trekfûgel dy’t yn Fryslân briedt, mar troch de grutskalige en yntinsive lânbou hieltyd mear it fjild romje moat. Dêrom is de skries ek it symboal fan ien fan de meast ambisjeuze programma’s fan Kulturele Haadstêd 2018: Kening fan ‘e greide. It projekt moat derfoar soargje dat it greidelânskip syn ferskaat behâldt. It ferlies fan it biokulturele ferskaat is in Europeesk probleem. Komponist Sytze Pruiksma en biolooch Theunis Piersma reizgje dêrom by de trekrûte fan de skries del. De inisjatyfnimmers fan it projekt binne benaud dat troch de ferearming fan it lânskip ek de kultuer en de taal earmer wurde en sykje dêrom meistanners yn Spanje, Portugal en Frankryk. It doel is de boeren dêr en dy yn Fryslân te stimulearjen om natuerfreonliker te buorkjen. Fryslân DOK: Kening fan ‘e greide Snein 22 maart om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 21 maart om 15.35 oere en snein 22 maart om 12.25 oere op NPO 2.
Share this page on:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)