Fryslân DOK fan 22 july 2018 17:00

Thúshaven Bartlehiem: Flak foardat sy berne waard ferhuzen de âlden fan Froukje van Wengerden nei it noarden fan Fryslân. Sy joegen har in Fryske namme en op har paspoart stiet foar ivich in Frysk berteplak. Al op jonge leeftiid dreamde se fan in wrâld fier fuort fan Fryslân en op har achttjinde reizge se nei Amsterdam.

Goed tsien jier letter komt se werom nei Fryslân, tegearre mei har heit en syn skip de Eestroom. In road-movie oer it wetter mei as fraach: wat makket in thús ta in thús? Wêrom lûkt de iene it leafst fan plak nei plak en wol de oare syn libben lang op itselde plakje wenjen bliuwe?

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)