Fryslân DOK fan 22 jannewaris 2017 17:00

    Hait, portret van een hemd

    Fan 2011 oant 2016, foarme heit’s wite himd de reade tried yn it wurk fan keunstskilder Hendrik Elings. Heit Rint Elings posearret yn de jierren dêrfoar faak foar syn soan. Hy hie dêrby steefêst in wyt himd oan. Yn de rin fan ‘e jierren bliuwt it himd itselde, mar heit Elings feroaret fan in stoere sterke man nei siik, broazelich, meager en ôfwêzich. Hy hat Alzheimer en komt yn 2009 te ferstjerren oan de gefolgen dêrfan.

    Fiif jier lang folgen filmmakkers Petra van der Molen en Rob Pieters de keunstskilder Hendrik Elings fan it Bilt. Dat resultearret yn de dokumintêre “Hait, portret van een hemd”.

    Yn 2011 beslút Hendrik Elings it net by portretten fan syn heit te litten. Bruorren, susters en syn soantsje Bowe wurde ek frege om yn heit’s himd te posearren. De sykte fan Alzheimer hat in grutte ynfloed op de famylje. Under de posearsesjes giet it petear dan ek foaral dêr oer. De kamera sjocht en harket mei. Oantinkens, Alzheimer, ôfskied en fuortgean foarmje de yngrediïnten fan de petearen, dy’t folslein yn it Biltsk fiert wurde.

    Fryslân DOK

    Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    (advertinsje)