Fryslân DOK fan 22 jannewaris 2012

Tai op 'e klaai

Fryslân DOK komt mei de earste Biltske dokumintêre op Omrop Fryslân. Programmamakker Janko Krist giet op ûndersyk út yn in Taiske mienskip op It Bilt.

Tweintich jier ferlyn kaam de Taise Nang Preemuangpak nei Fryslân en troude mei in Bilkert. Yn de jierren dêrnei kamen der, fia Nang, mear Taiske froulju nei It Bilt. Yntusken is dêr in hiele mienskip ûntstien fan in tsiental Taiske froulju. Sy binne yntusken allegear troud mei Bilkerts en der binne sels al Biltsk-Taiske poppen berne.

Fryslân DOK folget de Biltsk-Taiske pearen yn harren deistich libben op It Bilt. Soargje de kulturele ferskillen tusken de stoefe, direkte Bilkerts en de beskieden Tai foar problemen? Janko Krist sjocht by de froulju op harren wurk, mar ek hoe't de pearen thús libje. Sa stiet bygelyks by it iene pear de rys op 'e tafel en by it oare ierappels mei geit of gewoan boerekoal. Ek it Boeddhistysk leauwen is in grut ferskil mei de Bilkerts. Sa is yn de dokumintêre te sjen dat in nij hûs ynwijd wurdt troch Boeddhistyske muontsen, wylst de mannen bûten oan it bier sitte. En hoe is it foar de Taiske froulju om sa fier by harren famyljeleden wei te wêzen?

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)