Fryslân DOK fan 21 maaie 2017 17:00

    Mannen fan it frije fjild

    It wurdt stil yn it fjild. Tusken 1960 en no is it oantal greidefûgels mei sa’n 60 oant 70 persint werom rûn. Troch grutte feroaringen yn it lânskip hawwe ljippen, strânljippen skriezen en tjirken amper mear kâns har jongen grut te bringen op it boerelân. Mar ek yn de spesjaal derfoar oanwêzen natuergebieten is it mis en slagget dat mar foar in hiel lyts part. Omdat de ljippestân sa tige min is - mei der no al trije jier op rige net aaisocht wurde yn Fryslan. En it is de fraach oft it ea wer kin.

    En sa driget mei de greidefûgel ek de tradisjonele aaisiker, de âlde ‘raper’ - mar ek beskermer fan aaien en piken yn de nei soarch - foargoed út it Fryske lânskip te ferdwinen. Of der moat in lyts wûnder barre. Fryslân Dok nimt jim mei nei in pear fûleindige fjildmannen dy’t elk op syn eigen wize prikken yn it wurk set om de ljip en oare greidefûgels foar it Fryske lânskip te behâlden

    Fryslân DOK

    Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    (advertinsje)