Fryslân DOK fan 21 juny 2020 17:00

'Ús Rainbow Warrior' Sipke Jan Bousema

As lêste provinsje yn Nederlân hyst ek Fryslân de reinbôgeflage, as eksplisite stipe foar de LHBTI-mienskip. Yn de Fryslân DOK 'Ús Rainbow Warrior' de striid fan telefyzjemakker Sipke Jan Bousema om de polityk safier te krijen.

Op 27 maaie stimden 30 fan de 43 Fryske steateleden fóar de moasje om de reinbôgeflage te hisen op Coming Out Day. In oerwinning foar Sipke Jan Bousema, dy't dêr efter de skermen lang striid foar levere hat. Yn 2016 al hie Fryslân ien fan de earste 'reinbôgeprovinsjes' wurde kinnen. Mar doe fûnen de grutte politike partijen dat Artikel 1 fan de Grûnwet de gelikense behanneling fan eltsenien genôch boarget, en dat flagje foar spesjale groepen just nét winske is.

Yn de Fryslân DOK 'Ús Rainbow Warrior' fertelt Sipke Jan yn syn âlderlik hûs yn it doarpke Wyns oer de paradoks fan it 'oars mar net oars' wêzen. Dat hy no as BN'er net folle tsjinwyn ûnderfynt, mar dat jonges en famkes yn de provinsje wol ferlet hawwe fan sichtbere stipe. De sifers oer pesterijen en sels suïside meitsje dat pynlik dúdlik.

Dokumintêremakker Annet Huisman folget Sipke Jan ek yn it bewurkjen fan de polityk. En wylst der op it provinsjehûs praat en praat wurdt, wachtet de praktyk net langer: by fuotbalklups Drachtster Boys en Be Quick Dokkum giet de reinbôgeflage yn top, om út te strielen dat fuotbal foar elkenien is.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)