Fryslân DOK fan 21 july 2016 17:20

‘It Swarte Goud’ fan Fryslân: it Frysk hynder. Keningshuzen oer de hiele wrâld hâlde fan it hynder, de bisten spylje sels yn Hollywoodfilms en ynspirearje keunstners en sirkusartysten ta spektakulêre foarstellingen. Yn fiif dielen besiket de dokumintêre
It Swarte Goud antwurd te krijen op de fraach wêrom’t it Frysk hynder no sa bysûnder is.

Yn in fier ferline foelen grutte Romeinske kriichshelden al foar de machtige swarte ferskiningen. Sechtich jier lyn wiene der lykwols noch mar in pear ‘Friezen’ oer. De hynders wiene gewoanwei net mear nedich; ôftanke foar it boerewurk as gefolch fan de útfining fan de trekker. Gelokkich binne der hjoed-de-dei wer sawat 70.000 Fryske hynders. No priizge om harren skientme, krêft, útstrieling, karakter en dy djipswarte effen hûd.

Mar hoe bleau en bliuwt it ras oerein? Wêrom ried Zorro op in Fries en wêrom hat thrillerskriuwer Dan Brown Fryske hynders? Nei alle gedachten om dy dreech te ferwurdzjen reden dy’t Fryske emigranten emosjoneel makket as it oer Fryske hynders giet. De dokumintêrerige It Swarte Goud fertelt oer de skiednis, takomst, passy, keuringen, gebrûken en it sukses fan it Frysk hynder.

Hjoed yn Fryslân DOK diel 4: Rispinge

Mear ynformaasje oer It Swarte Goud

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)