Fryslân DOK fan 21 jannewaris 2018 17:00

De lêste kear, diel 2: Nei 50 jier op de grutste konsertpoadia fan de wrâld spile te hawwen nimt de Nederlânske top-fioeliste Emmy Verhey it beslút om ein 2015 dermei op te hâlden. De makkers lizze net allinnich de oanrin nei har ôfskiedskonsert fêst, mar bliuwe har ek folgjen yn it jier neidat it doek fallen is en sjogge mei har werom op in karriêre dy't neist grutte suksessen kaam mei opoffering, iensumheid en twivel.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)