Fryslân DOK fan 21 febrewaris 2021 17:00


'Beklimmers fan it flakke lân' diel 4

In 'blue zone' yn de Fryske bosk: It fleurige byld fan de fitte, sûne plattelânsbewenner kloppet net mei de wurklikheid. Wolfeartssykten komme faker foar op it plattelân. Sûnens is it tema yn diel fjouwer fan de Fryslân DOK-searje 'Beklimmers fan it flakke lân'.

Wenje op it plattelân jilde altyd as sûner as wenje yn 'e stêd. Bûten is mear romte, frisse lucht, in leger tempo en minder stress. In heilsume omjouwing foar lichem en geast. Mar út ûndersyk docht bliken dat de plattelânsbewenner fan no like goed te lijen hat fan wolfeartssykten as stress, oergewicht en groanyske kwalen, sels mear as gemiddeld. Wat hat it fleurige imago fan de sûne bûtenminsk, de altyd fitte plattelanner, ûnderúthelle?

Jon Brouwers is húsdokter yn Bakkefean. Sy yntrodusearre in nij konsept fan sûnenssoarch yn har doarp yn it boskrike súdeasten fan Fryslân. Gjin pillen, mar in oare libbensstyl soe de oplossing wêze foar de measte âlderdomskwalen. Mei sa'n fjirtich frijwilligers wol Brouwers fan Bakkefean in 'blue zone' meitsje. In plak dêr't minsken minder siik binne en lokkiger âld wurde.

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)