Fryslân DOK fan 21 desimber 2014 17:00

Piet Paulusma yn Moreel Kompas Dizze wike yn Fryslân DOK in werhelling fan Moreel Kompas. Yn de ôflevering is waarman Piet Paulusma te gast. In boeiend petear mei antwurden op fragen oer it hoe en wat fan it libben. Je groeie op yn in oersichtlike wrâld fan rjocht is rjocht en krom is krom en je krije fan hûs út in set wearden mei dêr’t je net omhinne kinne. Mar geandewei feroaret dy wrâld, en sels feroarje je mei. Antwurden binne oan de tiid ûnderhevich en foldogge op in bepaald stuit net mear. De fraach is: hoe rêde wy ús mei wat wy meikrije en wat it libben ús bringt? Hoe meitsje wy karren, wat is dêrby ús kompas en wat hâldt ús dêrby op koers? It binne allegear fragen dy’t wy stelle oan Piet Paulusma. Wat driuwt him as it giet om it meitsjen fan karren yn syn libben? Soe er de kar om waarman te wurden wer meitsje, as er it op ‘e nij dwaan mocht? Wat binne de noarmen en wearden dy’t Piet Paulusma meikrigen hat en wat hat er dêrmei dien yn syn libben? It nijsgjirrige petear mei antwurden op al dizze fragen, sjogge jo tiisdei yn Moreel Kompas. Fryslân DOK – Piet Paulusma yn Moreel Kompas Snein 21 desimber om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op snein 21 desimber om 15.30 oere. by NPO 2.
Share this page on:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)