Fryslân DOK fan 20 oktober 2019 17:00

'Skrinende ferealens' (Schrijnende verliefdheid). Yn novimber ferskynt har boek 'Tsjûgen fan de macht' en kriget se de Gysbert Japicxpriis foar har hiele literêre oeuvre.

Aggie van der Meer wie aktyf yn de fredesbeweging en begûn pas op lettere leeftiid te skriuwen. Sy is no 92 jier en noch folop oan it wurk. Se bliuwt idealist, it tinken en skriuwen giet troch, har boeken binne aktueel. Nei in harsenynfarkt hinget se efterop har rolstoel in papier mei de tekst: 'Duwen mag' en giet der op út. Yn it filmportret 'Skrinende ferealens', dat Bart Kingma makke fan Aggie van der Meer, moetet se Dion van den Berg, in âld-meistrider fan it IKV (Interkerkelijk Vredesberaad). Mei har útjouwer Ernst Bruinsma nimt se it manuskript troch fan har nijste boek. Fierder toant Fryslân DOK opnamen fan de foarstelling 'Sykje' fan komponist Hoite Pruiksma en Capella Frisiae, in muzikale hommaazje oan Aggie van der Meer.

Tip: podcast Aggie van der Meer:
13 oktober komt in podcast online út de roman 'De Achttjin' fan Aggie van der Meer, yn de nije Fryske literêre podcastrige 'Boekekast':

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)