Fryslân DOK fan 20 maart 2016 17:00

In nij thús

Noch nea wie de flechtlingeproblematyk sa grut as hjoed-de-dei. Mar ek yn de jierren njoggentich socht in grut tal flechtlingen in feilich bestean yn ús lân. Yn dy tiid waard der ek in asylsikerssintrum yn Sint Anne iepene. Troch de jierren hinne biedt it doarp ûnderdak oan in soad flechtlingen.

Mar hoe giet it no mei âld-asylsikers dy’t destiids in ferbliuwsfergunning krigen hawwe en al in tiid yn Sint Anne in nij thús opbouwe? Wêr rinne sy op dit stuit tsjinoan en hawwe se harren plakje yn de Fryske mienskip fûn? En op hokker manier binne sy belutsen by de hjoeddeistige flechtlingestream?

Yn dizze Fryslân DOK komme de ferhalen fan trije âld-asylsikers út Sint Anne oan bod. Sa folgje wy de 27-jierrige Syryske Ozjan yn har eigen winkel. We moetsje de Somalyske Ahmed wilens syn frijwillige wurksumheden yn it âldereintehûs en sjogge wy mei mei de út Afganistan ôfkomstige Farid dy’t flechtlingen begeliedt yn de lokale kringloopwinkel.

Fryslân DOK: In nij thús
Snein 20 maart fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 19 maart om 15.30 oere en snein 20 maart om 13.00 oere op NPO 2.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)